Pankoekpaviljoen komt der dochs

17 feb 2004 - 00:00

Terherne krijt lang om let in pankoekpaviljoen. De bou dy't ein maart begjint, is troch juridyske prosedueres goed trije jier útsteld. Der wienen in soad beswieren fan natuerleafhawwers. De bou soe de seldsume Noarske wrotmûs yn it paad sitte en guozzen fersteure.

De mûs is noait fûn en as der guozzen binne, moat der gewoan rekken mei hâlden wurde. It paviljoen rekkent op wykliks 1200 besikers. Der komt ek in lyts natuersintrum yn it gebou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)