Van der Hoeven nei Boarnburgum

17 feb 2004 - 00:00

Basisskoalle By de Boarne yn Boarnburgum krijt nije wike moandei besite fan ûnderwiisminister Maria van der Hoeven. De minister wol mei eigen eagen sjen hoe't it stiet mei de ûnderwiisachterstân fan Fryske bern op lytse skoallen. Direkteur Christiaanse fan By de Boarne makket him al in skoft sterk foar mear omtinken en jild foar autochtoane achterstânsbern.

Christiaanse hopet dat de besite mear subsydzje foar achterstânsbern opsmyt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)