Bewenner Talant dei fuort en fûn

© Omrop Fryslân
De 23-jierrige Lucas fan wengroep Talant yn Stiens is wer terjochte, neidat er in dei spoarleas wie. De ferstanlik handikapte jonge rûn sneintejûn lulk fuort. Fiifentweintich ME'ers ha moandei de hiele dei massaal nei de autistyske jonge socht by Stiens en yn it Ljouwerter bosk.
Moandeitemiddei waard Lucas sûn wer fûn oan de seedyk by Hallum, tanksij in tip fan in frou út Damwâld. By Talant kinne se harren gelok net op.