Reboelje PvdA-Weststellingwerf

© Omrop Fryslân
Der is grutte reboelje by de PvdA fan Westellingwerf. Gemeenteriedsfraksje en wethâlder Van der Kooij ha it betrouwen opsein yn it ôfdielingsbestjoer. It lanlik partijbestjoer is frege om te bemiddeljen. Foarsitter Age Kamermans fan 'e PvdA-ôfdieling hat sil syn funksje meikoarten dellizze.
It konflikt kaam op skerp nei de riedsgearkomste oer de begrutting en it beslút om te besunigjen op it budzjet foar de meiwurkers fan 'e gemeente.