Stoflik omskot yn Dokkumer Ie

16 feb 2004 - 00:00

Yn de Dokkumer Ie by Snakkebuorren is moandei it stoflik omskot fûn fan in man (53) út Assen. Mooglik is de man sneontejûn al yn it wetter rekke. Doe hie de plysje in melding krigen fan immen dy't wat heard hie. Undersyk smiet doe lykwols neat op.

Moandei waard op 'e nij socht en no dus wol mei resultaat. De saak sil noch fierder ûndersocht wurde. Der is in frou (44) oanhâlden yn ferbân mei dizze saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)