Heit mei bern op fyts te wetter

16 feb 2004 - 00:00

In bern fan 3,5 jier út Mullum is moandei mei har heit yn it wetter rekke by de Keningsbrêge by Harns. De heit fytste mei it bern yn in fytssitsje op it fytspaad ûnder de brêge troch. Yn de bocht ferlear er it lykwicht en rekke mei it bern te wetter.

De heit koe wer op 'e wâl komme, mar it bern net. Dûkers fan de brânwacht wiene gau te plak en hiene it bern yn in kertier derút. Yn soarchlike tastân is it oerbrocht nei it AZ yn Grins.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)