Op 'e bon foar honkbalkneppel

© Omrop Fryslân
Tsjin in 19-jierrige man út Damwâld is snein proese-ferbaal opmakke om't er in honkbalkneppel yn de auto hie. De plysje seach it ding by in kontrôle ûnder syn autostoel lizzen. Honkbal- kneppels falle ûnder de wapenwet.
Oar plysjenijs: in 48-jierrige plysje is skorst op fertinking fan fraude. De administratyf meiwurker fan de tsjinst algemiene stipe wurdt fertocht fan it ferfalskjen fan papieren. Tsjin de plysjeman wurdt in ûndersyk ynsteld.