Nije miljeustrjitte op It Fean

16 feb 2004 - 00:00

Op It Hearrenfean wurdt tongersdei in nije miljeustrjitte iepene. Boargers kinne dêr harren ôffal ynleverje dat dan fuortdalik skieden wurdt. It giet dan gemysk ôffal, bou- en sloopôffal, snoeiôffal, grut húshâldlik ôffal en wyt- en brúnguod.

Hearrenfean hie al in miljeustrjitte oan de Nijbuorren mar dy waard te lyts en foldie net mear oan de Arbo-easken. De nije miljeustrjitte is festige op yndustryterrein Het Kanaal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)