Oanridings troch mist en glêdens

16 feb 2004 - 00:00

Op meardere plakken yn de provinsje hawwe moandei oanridings west. Dat yn ferbân mei mist en glêdens. Op de A7 tusken De Jouwer en It Hearrenfean yn de rjochting It Hearrenfean wie it raak by Aldehaske. Twa auto's botsten en ien persoan waard mei de ambulânse ôffierd.

Op de A32 by de ôfslach De Knipe wie ek in oanriding. Ien persoan rekke beknipe yn de auto en moast der troch de brânwacht úthelle wurde. By beide oanridings ûntstiene files.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)