D66 wol ûndersyk lytse skoalle

16 feb 2004 - 00:00

De riedsfraksje fan D66 yn de gemeente Hearrenfean wol witte oft der wol of gjin ferbân is tusken de omfang fan de skoalle en learefterstannen by de bern.

Boargemaster De Jonge fan de gemeente hie yn syn nijjierstaspraak útspraken dien oer de grutte fan Fryske basisskoallen en de efterstân fan Fryske bern yn taal en rekkenjen. Dêr kaam doe in soad protest tsjin. It kolleezje fan Hearrenfean wurdt no frege om út te sykjen wat wier is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)