De Jouwer ferliest fan Treffers

© Omrop Fryslân
SC De Jouwer hat sneintemiddei yn in thúswedstriid mei 1-4 ferlern tsjin in better fuotbaljend De Treffers. Al gau yn de wedstriid waard it 0-1 foar De Treffers. Johnnie Dolle wist dêr noch wol 1-1 fan te meitsjen.
De ploech fan De Jouwer koe lykwols net foarkomme dat de skoare útrûn op in 1-4 ferlies. By in stân fan 1-3 miste De Jouwer noch de kâns op in oanslutingstreffer omdat Klaas de Jong in penalty miste.