VC Snits - Martinus: 3-2

15 feb 2004 - 00:00

De volleybalfroulju fan VC Snits ha sneon mei 3-2 wûn fan Martinus út Amstelveen. Nei ferlies yn de earste set wûnen de froulju ferfolgens de twadde en de tredde set.

De fjirde set waard wer ferlern, mar yn de fyfde set toanden de froulju fan Snits grutte fearkrêft. Se wûnen dy set úteinliks mei 15-10. Se pakten sa twa wichtige punten yn de striid tsjin degradaasje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)