Broeretsjerke moat restaurearre

© Omrop Fryslân
De ruïne fan de Broeretsjerke yn Boalsert moat boppe-oan komme op it listje fan monuminten yn Boalsert dy't oan restauraasje ta binne. Dat fine boargemaster en wethâlders. Sy binne benaud dat der oars net gau genôch subsydzje beskikber komt.
De Broeretsjerke stiet op in provinsjale list fan reserveprojekten dêr't op it stuit gjin jild foar is. De tsjerke fertutearzet lykwols hieltyd mear. De ried praat der no tiisdei oer.