PvdA op 'e kofje by âlderein

15 feb 2004 - 00:00

Leden fan de Partij fan de Arbeid yn Fryslân gongen sneon op 'e kofje by in grut tal âlderen yn de provinsje. In aktiviteit dy't alles te krijen hat mei de nije koers fan de partij, om wer wat tichter by de kiezers te kommen.

Doel fan de kofjebesites wie om út te finen hokker ûnderwerpen der spylje ûnder de âlderein. By de besites die bliken dat goede sûnenssoarch en noflik wenjen saken binne dy't âlderen wichtich fine.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)