Hark. Boys spylje tûk tsjin DOS

© Omrop Fryslân
De wedstryd Harkemase Boys tsjin DOS Kampen yn de haadklasse C einige sneon yn 3-0 foar de Harekiten. Yn de earste helte waard it al gau 1-0 troch in moai lobke fan Sander Hartman. It inisjatyf lei earst by DOS, mar nei dy earste goal kaam der mear lykwicht.
Yn de twadde helte foelen de 2-0 en de 3-0. De Boys besochten doe it ritme út de wedstryd te heljen, wat irritaasje by DOS opsmite. De wedstryd waard sels noch efkes stillein.