Wenning yn Ljouwert besketten

© Omrop Fryslân
In wenning oan de Pasteurwei yn Ljouwert is freedtejûn besketten fanút in auto. Dêrby waard net ien rekke. Tsjûgen notearren it kenteken, dat de plysje op it spoar sette fan in 44-jierrige man út de Piet Heinstrjitte yn de haadstêd.
Doe't de plysje him oanhâlde woe, ferstoppe er him om 'e nocht by de buorlju. Hy is oanhâlden en sit fêst. It fjoerwapen is noch net fûn. It motyf soe lizze yn relaasjeproblemen.