Friesland Beef nei Ljouwert

14 feb 2004 - 00:00

It bedriuw Friesland Beef ferpleatst in part fan de slachtaktiviteiten fan Amsterdam nei Ljouwert. Yn de slachterij fan it eardere Brada sille ynkoarten hûnderten kij wyks ferwurke wurde.

Direkteur Visser fan Friesland Beef hat dêr in oerienkomst oer sletten mei de nije eigner fan it slachthûs, Aaldert Wildeboer. Friesland Beef ferhuze ferline jier fan Makkum nei Amsterdam, mar Visser woe graach werom nei Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)