Ynformaasjesintrum asylsikers?

14 feb 2004 - 00:00

Mooglik komt der in ynformaasjesintrum yn Fryslân dêr't minsken mei fragen oer útprosedearre asylsikers te plak kinne. De provinsje, de feriening fan Fryske gemeenten en Flechtlingewurk hawwe freed mei inoar praat oer de asylsikerskwestje yn Fryslân.

In soad Friezen meitsje har soargen oer de gefolgen fan it belied. It ynformaasjepunt moat dúdlikheid en rêst jaan, sa hopet Klaas Harink fan Flechtlingewurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)