Bychtcamper bliuwt leech

13 feb 2004 - 00:00

Ljouwert krige freed besite fan de bychtcamper fan baptistedûmny Sietze van der Veen út Grins en syn frou. Minksen koene dêr har sûnden opbychte. De camper site de hiele dei by Waach op 'e Nijstêd. As der neat te bychten wie, wie elk ek wolkom foar in bakje kofje of in praatsje.

It winkeljend publyk fielde blykber gjin oanstriid om te bychten, want de camper bleau suver de hiele dei leech.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)