Cambuurfans yn aksje by Go Ahead

13 feb 2004 - 00:00

Oanhingers fan fuotbalclub Cambuur ha de middenstip fan it fjild fan Go Ahead Eagles stellen. Dy club is freed tsjinstanner yn de komepytsje. Ek de netten fan de doelen binne stikken makke.

Go Ahead is foar Cambuur in gefoelich punt, want de lêste trije wedstriden tsjin dy club giene ferlern mei grouwe sifers. Go Ahead skoarde yn totaal 21 kear, de lêste kear waard Cambuur mei 10-0 fernedere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)