Keatsbûn stelt konsulinten oan

© Omrop Fryslân
It keatsbûn KNKB sil de kommende fiif jier flink ynvestearje yn it stypjen fan de pleatslike ferienings en federaasjes. It bûn hat dêr fjouwer nije meiwurkers foar oanlutsen. Dat binne de âld top-keatsers Johannes Brandsma, Tsjerk de Groot en de froulju Romy vd Veen en Reintje vd Schaaf.
It keatsbûn sit yn de lift en de fjouwer konsulinten dy't no oanlutsen binne, moatte soargje dat dizze trend troch giet en yn goeie banen laat wurdt.