Lunche mei boargemaster Brok

13 feb 2004 - 00:00

Ynwenners fan de gemeente Snits meitsje kâns op in lunch mei boargemaster Arno Brok. Dêrfoar moatte se meidwaan oan in enkête fan de gemeente. Snits wol fan syn ynwenners witte wat se fine fan de kwaliteit fan de tsjinstferliening fan de gemeente.

Takom wike wurde 250 minsken oer de telefoan enkêteard. Ut dy groep wurde de minsken foar de lunch frege. De lokkigen kinne mei Arno Brok prate oer de krityk dy't se hawwe op de gemeente.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)