Underwiisprojekt hat jild nedich

© Omrop Fryslân
It projekt 'Samen naar School' driget te mislearjen as de minister net gau mei mear jild komt. It giet om bern mei û.o. gedrachsproblemen dy't dochs nei gewoane skoallen geane. Mar wol mei in saneamd 'rêchsekje', in pûde jild om saakkundige begelieding yn te hieren.
De prosedueres om dat jild te krijen duorje lykwols fierste lang en de bern sitte al op skoalle foardat it jild der is. Skoallemienskip Comenius hat de minister in protestbrief skreaun.