Soargen oer haven Lauwerseach

© Omrop Fryslân
De ried fan Dongeradiel makket him soargen oer de takomst fan de haven yn Lauwerseach. De Frysk-Grinzer haven sit al tiden yn swierwaar en hat in miljoene-ynvestearring nedich om wer sûn te wurden.
De grutste bedrigings foar de takomst binne it ûnderhâld en de ûnwisse situaasje oer de fergunning foar it stoarten fan bagger. Boargemaster Cazemier wol mear omtinken foar ferbreding fan aktiviteiten yn de haven.