Gearwurking by promoasje It Bilt

13 feb 2004 - 00:00

Undernimmers op It Bilt moatte mear promoasje meitsje foar har regio. Dy oprop die boargemaster Van der Werff tongersdei by in gearkomste fan ûnder- nimmers. Van der Werff hopet dat it bedriuwslibben de gemeente stipet mei it dwaan fan promoasje en akwisysje.

Undernimmers hawwe in protte kontakten en dy kinne dêrby brûkt wurde. De earste stap is set. Yn maaie stiet de gemeente mei in groep ûndernimmers op de bedriuwekontaktdagen yn it FEC.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)