Botsing by Koarnjum

12 feb 2004 - 00:00

In ynwenner fan Hallum (45) hat tongersdei in skoft yn de knipe sitten yn syn wein. Mei syn bestelauto botste er op in tsjinlizzer by Koarnjum. De oare bestjoerder (in Ferwerter fan 20) wie oan it ynheljen.

De brânwacht hat de Hallumer befrijd. Beide bestjoerders rekken ferwûne en binne nei it sikehûs brocht. It ferkear tusken Stiens en Ljouwert is troch it ûngelok in skoft omlaat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)