Foar jo kongres: Van Maaren

12 feb 2004 - 00:00

Wa't op syk is nei in kongresfoarsitter mei in grut analytysk fermogen en humor kin tenei in berop dwaan op Loekie van Maaren, de âld-boargemaster fan Ljouwert. Van Maaren is fia in ynternasjonaal buro yn Maastricht yn te hieren as sprekker op kongressen en sympoasia. Se hat ek in ferhaal oer liederskip yn 'e oanbieding.

Njonken Loekie van Maaren is fia it buro ek âld-wethâlder Oudkerk fan Amsterdam yn te hieren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)