Lekkerij gifkonteners falt ta

12 feb 2004 - 00:00

De lekkerij fan arseenpentokside út de trije konteners hat tydlik ta in lichte ferheging fan arseen yn de Noardsee laat. Rykswettersteat hat meunsters nommen by it bergjen fan de konteners. By de lêste waard in koarte, slimme ferheging metten. It gif fertinne al gau oant normale wearden.

Stichting De Noordzee ûnderskriuwt de konklúzjes. Mei elkoar is de skea oan it seemiljeu beheind bleaun. Fiskers soenen wol út de buert bliuwe moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)