Parkearboetes yn gûnen útskreaun

12 feb 2004 - 00:00

De plysje Fryslân skriuwt parkearboetes noch út yn gûnen. It gûneteken stiet yn de bonneboekjes. Op de boete stiet dat 45 gûne betelle wurde moat, wylst it bedrach wol yn euro's rekkene wurde moat.

Neffens in wurdfierster fan de plysje is de boete wol rjochtsjildich om't de datum wichtiger is as it faluta-teken. De akseptgiro dy't opstjoerd wurdt, is wol yn euro's. De plysje makket de âlde gûne-boekjes op om't dat effisjint is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)