Gjin tunnel yn sintrum Burgum

© Omrop Fryslân
Der komt gjin lange tunnel troch it sintrum fan Burgum. De bou is te djoer. Ek foar de nije dyk tusken Dokkum en Drachten, de sintrale as, is in grut tekoart. De bou fan de dyk moat yn 2007 of 2008 begjinne. De kosten wurde rûsd op 150 miljoen euro. Provinsje en gemeenten ha 80 miljoen tasein.
Wat't de rest betellet, is ûndúdlik. Der is net folle kâns op in bydrage fan it ryk. Deputearre Baas hopet dat it bedriuwslibben byspringe wol.