Van Gent wol ein sjitten Flyhors

© Omrop Fryslân
Twadde Keamerlid Van Gent fan GrienLinks wol dat de sjitoefeningen op de Flyhors op Flylân stopset wurde. Neffens har binne de oefeningen yllegaal om't de miljeufergunningen foar de sjitbanen ferline jier troch de Steatsrie ferneatige binne.
Op it stuit oefenje de luchtmacht en de kavalery op it militêr terrein de Flyhors. Van Gent hat steatssekretaris Van Geel van VROM frege de oefeningen te ferbieden.