Hantekenaksje foar 'Bonnehos'

11 feb 2004 - 00:00

Tsjinstanners fan sloop fan it Bonifatiushospitaal yn Ljouwert, biede woansdeitejûn it gemeentebestjoer fan Ljouwert goed 3600 hantekens oan. De aksjegroep 'Tot behoud Bonnehos' wol dat it karakteristyske gebou in nije funksje krijt.

De hantekens binne yn twa middeis sammele en dat betsjut neffens de aksjegroep dat de kwestje 'Bonnehos' bot libbet ûnder de Ljouwerters. Yn juny dit jier sil 'it Bonnehos' slute.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)