90% mokselsied moat bliuwe

© Omrop Fryslân
Minister Veerman fan Lânbou wol dat oant april 2005 op syn minst 90 persint fan it mokselsied yn de Waadsee lizzen bliuwt. No is it noch sa dat in soad mokselsied opfiske wurdt om yn de Oosterschelde yn Seelân útstruid te wurden.
De minister komt mei dizze beheining om't er wol dat der genôch fiedsel is foar de fûgels op it Waad. It mei de hân fiskjen op kokkels mei foarearst gewoan trochgean.