Klachten oer leven fleanbasis

© Omrop Fryslân
De measte omwenners fan de Ljouwerter fleanbasis kleie oer tefolle leven fan fleantugen. Dat docht bliken út ûndersyk ûnder 500 ynwenners. Ek bedriuwen, ferienings en doarpsbelangen binne ûnderfrege.
De fleanbasis seit neat dwaan te kinnen oan it lûd fan strieljagers. Piloaten moatte dochs oefenje. De fleanbasis wol mei útlis oer de aktiviteiten de omwenners temjitte komme. Der komme ek spesjale Iepen Dagen foar har.