Bou spoardok Snits kin trochgean

© Omrop Fryslân
De bouplannen yn it Snitser spoardokgebiet by it NS-stasjon kinne gewoan trochgean. In nij en wiidweidich ûndersyk nei de natuer dêr smyt gjin nije fynsten op dy't de plannen dwers sitte kinne.
Wol is der in oanfleanrûte fan flearmûzen ûntdutsen. Yn it spoardokgebiet sille nije wenten en kantoaren mei parkearrûmte komme. Undersyksburo Altenburg en Wijmenga hat in skoftlang nei de natuerwearden sjoen.