Parkearproblemen by MCL

© Omrop Fryslân
Personiel fan MCL yn Ljouwert moat har better oan de parkearregels hâlde. Fanwegen bouwurksumheden by it sikehûs is it dreech om in parkearplak te finen.
By de tydlike haadyngong oan de achterkant moat safolle mooglik plak wêze foar pasjinten en besikers. Te folle personiel parkeart ek noch dêr. Tagongspaskes wurde oanpast sadat de slachboom dêr net mear wurket. De problemen moatte yn april oer wêze.