Woudagemaal is wer útset

11 feb 2004 - 00:00

It wetterskip hat woansdei om 12.00 oere it Woudagemaal by De Lemmer útset. It gemaal draaide sûnt ferline wike freed om de hege wetterstân fuort te wurkjen. De wetterstân is tiisdei 2,5 sintimeter sakke. It wetterpeil stiet noch sân sintimeter boppe streefpeil.

Om't de kommende dagen net folle wetter ferwachte wurdt, is it neffens it wetterskip fertroud om it Woudagemaal út te setten. It Hooglandgemaal by Starum wurket noch wol.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)