Heak om Ljouwert as modelprojekt

11 feb 2004 - 00:00

De Súdlannen en De Heak om Ljouwert wurde by it ministearje fan VROM as foarbyldprojekt oanmeld. De provinsje fynt dat de projekten model steane foar hoe't in gebiet ûntwikkele wurde kin sûnder dat de romtlike kwaliteit út it each ferlern wurdt.

Yn De Súdlannen komme 6500 huzen en De Heak moat de berikberheid fan Ljouwert ferbetterje. As VROM it projekt as model oernimt, hopet de provinsje dat de posysje fan Ljouwert sterker wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)