Sweedske fuotballers 'nei hûs'

11 feb 2004 - 00:00

Petter Hansson is útnoege foar in wedstriid fan de nasjonale ploech fan Sweden. De fuotballer fan SC Heerenveen soe nije wike woansdei meidwaan oan de oefenwedstriid yn en tsjin Albanië. Hansson spile op yn 2001 de iennichste ynterland út syn karriêre tsjin Finlân.

Neist Hansson binne ek Stefan Selakovic en Erik Edman yn de seleksje fan de Sweedske bûnscoach opnommen. De Frysk klub is dêrmei 'hôfleveransier' fan de Sweedske ploech wurden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)