Fersmoarge grûn Goutum opromje

11 feb 2004 - 00:00

Ljouwert rommet de kadmiumfersmoarging ûnder fiif huzen yn Goutum op. Der is 110.000 euro foar útlutsen. Al yn 2000 is de fersmoarging oan De Tolve oantroffen. Troch de grûn folslein te sanearjen wurdt it probleem oplost.

De gemeente hie kieze kinnen foar it skjinmeitsjen fan inkeld de boppeste laach fan ien meter. Dat wie goedkeaper, mar dan hie kontrôle letter noch nedich west. De fersmoarging wurdt yn de rin fan dit jier opromme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)