DSB-ploech hâldt op te bestean

© Omrop Fryslân
Kosta Poltavets fan It Hearrenfean is 'slachtoffer' fan it opheffen fan de DSB-ploech. Hy wie trainer fan de langebaanreedridersploech en komt nei dit seizoen sûnder wurk, no't Dirk Scheringa de stekker út de ploech lûkt.
Poltavets is teloarsteld mar hat ek begryp foar it beslút. Riders Tom Prinsen en Jacques de Koning geane nei TVM. Remco Olde Heuvel giet nei DPA. Inkeld âld-wrâldkampioen Jan Bos hat noch gjin nije ploech fûn.