Dokkumers helpe dupearren

10 feb 2004 - 00:00

De Sineeske famylje dy't moandei yn Dokkum troch in brân har hûs en restaurant ferlear, hat al in nij ûnderkommen. In wenningeigner hat fan syn keaphûs in hierhûs makke. Nije wike kin de famylje der al yn. In tapytsintrum fersoarget it ynterieur. Earder op 'e dei sammele de middenstân al klean en oar guod by elkoar. De kâns dat de famylje wer in restaurant begjint yn itselde pân oan de Grote Breedstrjitte is lyts.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)