Djoere buskaart troch flater

© Omrop Fryslân
In flater op it postkantoar op De Lemmer is de oarsaak fan in te djoere buskaart. Alden wienen teloarsteld yn Arriva fanwegen in ûnferwachte wiziging yn it taryf. Har bern fytsten alle dagen nei in bushalte twa kilometer bûten it doarp. Om't de halte bûten de taryfzône falt koe 17 euro besparre wurde.
De halte stie ferkeard yn it systeem en dêrtroch wie de priis ferkeard berekkene.