Meldpunt CDA pas freed berikber

© Omrop Fryslân
It meldpunt fan CDA-Fryslân is freed pas te berikken. Earder slagget net om't it telefoannûmer net op 'e tiid operasjoneel is. Op it meldpunt kinne minsken telefoanysk witte litte wat se fan it belied fan it kabinet fine. It meldpunt is oant 26 maart te berikken en is fral bedoeld foar minsken dy't yn de knipe komme troch it belied.
CDA Fryslân stiet de minsken alle wurkdagen fan 14.00 oant 17.00 oere te wurd. Telefoannûmer: 0800 - 23 222 84.