Gruttere omset foar Poiesz

09 feb 2004 - 00:00

De omset fan supermerkkonsern Poiesz út Snits is ferline jier mei tolve prosint omheech gien. Dat is opmerklik om't der sûnt oktober al in prizeslach geande is tusken de supermerken.

Poiesz is ek sakke mei de prizen. Direkteur Smit tinkt dat der dochs winst makke is, om't Poiesz dêr net opfallend reklame foar makke hat. De klant soe syn nocht hawwe fan de prizeoarloch en de reklamekampanjes dy't dêrby hearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)