Fúzjeplannen wolwêzensstiftings

09 feb 2004 - 00:00

Stifting Help en Wolwêzen út Ljouwert en Stifting Wolwêzen Smellingerlân hawwe plannen foar in fúzje. De bestjoeren fan beide ynstellings tinke dat soks foar ferskate saken foardiel opleveret. De kommende wiken wurdt útsocht as dat sa is.

Beide organisaasjes hâlde har ûnder oaren dwaande mei jongeren, it wykwurk, ûnderwiis, emansipaasje en maatskiplik wurk. Mei-elkoar wurkje der in 240 minsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)