Siberie fan Cambuur selektearre

09 feb 2004 - 00:00

Fuotballer Rocky Siberie fan Sportklup Cambuur sil op 18 febrewaris mei it nasjonale team fan de Nederlânske Antillen útkomme tsjin Antigua. Op 31 maart folget de return op Curaçao.

De beide wedstriden jilde as earste kwalifikaasjewedstriden foar it wrâldkampioenskip 2006 yn Dútslân. De Nederlânske bûnscoach Pim Verbeek hat neist Siberie noch alve oare spilers út de Nederlânske kompetysje oproppen foar de wedstriid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)