Kommunikaasjemuseum yn Ljouwert

09 feb 2004 - 00:00

Yn Post Plaza yn Ljouwert komt in kommunikaasjemuseum. Yn it gebou oan de Twabaksmerk siet earder it postkantoar. Eigner Jan Boomsma hat it gebou omboud ta kongressintrum.

Op de boppeste ferdjipping wurdt in seal ynrjochte mei saken dy't te krijen hawwe mei de tiid fan it postkantoar. Sa wurdt in âlde baly neiboud. Ek wurdt omtinken jûn oan oare foarmen fan kommunikaasje, lykas de telefoan. It museum wurdt kommende tongersdei iepene

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)