Auto yn sniebui yn 'e feart

09 feb 2004 - 00:00

In 42-jierrige frou út Ljouwert is moandei tusken Ljouwert en Tytsjerk mei har auto yn de sleat bedarre. De frou ferlear de macht oer it stjoer yn in koarte sniebui. Har auto knalde mei grutte snelheid tsjin in beam en kaam yn de sleat ta stilstân.

De frou waard troch de brânwacht befrijd en is mei ferwûnings nei it sikehûs yn Ljouwert brocht. Fan har auto wie net folle mear oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)