Loes Linders wint Sidijktoernoai

© Omrop Fryslân
Loes Linders, oarspronklik ôfkomstich út Brabân, is by it Sidijk-toernoai op It Hearrenfean Frysk kampioene wurden. It wie wat in meager toernoai by de senioaren om't Propatrio út Zoetermeer fanwege blessueres ôfsein hie.
Nathalie Bletterman fan Ljouwert waard twad by it FK. Berber van den Berg fan It Hearrenfean die nei blessueres einlings wer mei, mar allinnich by it ûnderdiel brêge. Se die it goed. Se hopet ek meidwaan te kinnen oan it EK.